HEARRENFEAN - Hjoed naam deputearre Sietske Poepjes de taalnota ‘Fierder mei Frysk’ fan wethâlder Hans Broekhuizen fan de gemeente Hearrenfean yn ûntfangst. Hans Broekhuizen: ‘Als gemeente zijn we een dienstverlenende organisatie. Het is daarom belangrijk dat we aansluiten bij de taalkeuze van onze inwoners.’

De taalnota giet út fan it tsjinstferlienende karakter fan de organisaasje en dat de gemeente by de útfiering fan it wurk oanslute wol by de ynwenners. De taalkar fan de klant is dêrom liedend yn de kommunikaasje. Foar meiwurkers dy’t yn harren wurk kontakt hawwe mei de ynwenners is it dus wichtich dat sy Frysk mei de klant prate kinne. Dat is de basis foar dizze ambysje foar it Frysk.

Ûndersyk nei de ambysje foar it Frysk

Foar dizze taalnota hat de gemeente ûndersyk dien nei de miening fan de ynwenners en de taalsituaasje fan de eigen organisaasje. Benammen de ynwenners fine dat de gemeente him mear as Fryske gemeente profilearje kin. Fierder komt nei foaren dat hast alle meiwurkers it Frysk fersteane. Ek is advys frege oan eksterne partners en oan de eigen meiwurkers. Foar it kommen ta dizze taalnota hat gemeente Hearrenfean fan de provinsje Fryslân in subsydzje fan € 13.000 ûntfongen. De provinsje wol gemeenten en oare oerheidsorganen graach stipe jaan by it kommen ta taalbelied om sa de Wet gebrûk Fryske taal te ymplemintearjen.

Op besjen

It taalbelied mei de byhearrende feroardering hat it kolleezje tiisdei 16 jannewaris yn ûntwerp fêststeld. De stikken lizze fan tongersdei 25 jannewaris ôf seis wiken op besjen yn it ramt fan de ynspraak. Belanghawwenden, lykas de meiwurkers, en ynwenners fan de gemeente kinne dan in reaksje jaan. De gemeenteried sil dan mids 2018 it taalbelied en de feroardering fêststelle.